Plysje hellet slingerjende snorfytser fan de dyk

03 okt 2016 - 07:22
  • rydbewiis

In 61-jierrige snorfytser út Ljouwert is moandeitemoarn betiid syn rydbewiis kwytrekke. Plysjeminsken seagen de man al slingerjend ride op de Voorstreek. Ut in blaasproef die al gau bliken dat de man te folle drank op hie.

Syn rydbewiis waard yn beslach naam, hy krige in rydferbod foar 7 oeren en hy moat in kursus folgje oer wat alkohol yn it ferkear docht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)