Minister Kamp praat op de Waadeilannen oer gaswinning

Minister Kamp fan Ekonomyske Saken brocht snein in besite oan Skylge. Hy gong dêr yn petear mei minsken fan de Waadferiening en GasTvrij Terschelling. Ferline jier waard de minister alris útnûge om in besite te bringen oan it eilân mar doe hie er gjin tiid. De beide organisaasjes namen de minister snein yn in kapwein mei hynders mei op in tocht troch it natuergebiet.
It bedriuw Tulip Oil wol graach nei gas boarje by it Hoarnse Bosk, op de râne fan beskerme natuergebieten. Der is in soad wjerstân tsjin dizze plannen.
"Iedereen wil gas, maar niet uit eigen achtertuin"
Oant no ta wegeret de minister syn plannen yn it jiskefet te smiten. "Kamp erkende dat Terschelling ontzettend mooi is, maar blijft bij zijn standpunt dat er gas gewonnen moet worden", seit Annet van Essen fan GasTvrij Terschelling. "Hij zegt: iedereen wil gas, maar niemand wil gaswinning in zijn achtertuin."
Ek joech de minister neffens Van Essen oan dat der yn de wet op dit momint net genôch ynstruminten steane om de gaswinning tsjin te hâlden. "Hij volgt de wet en kan daardoor de vergunning voor de boring niet weigeren", leit Van Essen út.
Nije wet biedt hoop
Mar der is wol hoop, seit se: "We hebben vooral gelobbyd voor een aanpassing van de wet. En die komt er, met de nieuw Mijnbouwwet, Daarin staat dat een vergunning ook geweigerd kan worden vanwege mileu of natuur. Dat kan nu niet." De ferwachting is dat dizze wet, dy't no by de Earste Keamer leit, noch dit jier goedkard wurdt.
De Waadferiening en GasTvrij Terschelling sjogge de besite fan minister Kamp dêrneist as it startskot fan in grutte kampanje om tenei allinnich noch mar duorsume enerzjy te winnen.
Nei syn besite oan Skylge reizget Kamp moandei troch nei It Amelân en Skiermûntseach. Ek dêr binne plannen foar de (ekstra) winning fan gas.