Memorial-rugby-ynterlân Ingelân-Skotlân yn Ljouwert

Rugby © ANP
By rugbyklup Greate Pier yn Ljouwert wurdt yn novimber in wedstriid spile tusken teams út Ingelân en Skotlân. Dêrmei wurdt betocht dat hûndert jier ferlyn de earste offisjele ynterlânwedstriid spile waard yn Nederlân. Dat wie tusken teams fan de Ingelske en de Skotske marine. Beide ploegen bestiene út marinepersoniel dat yn Nederlân internearre wie fanwegen de Earste Wrâldoarloch.
Op 4 novimber wurde de Skotske en Britske teams mei pommeranten ûntfongen op it stedhûs yn Ljouwert. De wedstriid sels is op sneon 5 novimber.
Op 3 novimber is yn it HCL in lêzing oer sport yn ynternearringskampen yn de Earste Wrâldoarloch.