Britske motorrider racet oer de N381 Appelskea-Donkerbroek

In Ingelske motorrider stode snein op de N381 mei in gong fan 160 kilometer yn de oere Appelskea foarby. Op dat stik dyk mei net hurder riden wurde as 80. De plysje joech dat troch oan kollega's dy't de hurdrider by Donkerbroek yn it fizier krigen. Dêr ried er noch hurder: 185 kilometer yn de oere op in 80 km-dyk.
De man koe gjin rydbewiis toane. Syn motor is yn beslach naam oant dat er it rydbewiis wol sjen litte kin. Hy krige ek noch in proses-ferbaal. De plysje kontrolearre yn ferbân mei de British Superbikes yn Assen.