Hurdfytser Hartthijs de Vries tredde yn Olympia's Tour

Hartthijs de Vries (rjochts) mei njonken him Cees Bol en Pavel Sivakov © www.olympiastour.nl
Hurdfytser Hartthijs de Vries út Kollum is tredde wurden yn it einklassemint fan de Olympia's Tour. Snein wie de lêste etappe, yn Reuver yn Súd-Limboarch. Cees Bol út Zaandam wûn it einklassemint. De nûmer twa yn it klassemint waard de Rus Pavel Sivakov. Olympia's Tour is in Nederlânske etappewedstriid foar hurdfytsbeloften dy't alle jierren yn it neijier hâlden wurdt.
De 20-jierrige Hartthijs de Vries waard yn maaie yn Annen yn Drinte noch distriktskampioen by de beloften.