Garaazje skean tsjinoer brânwachtkazerne Bûtenpost útbaarnd

Yn it hok stiene gersmeaners en kroaden
De brânwacht fan Bûtenpost hoegde sneintemiddei net fier te riden om in brân te bestriden. Skean tsjinoer de kazerne oan de Feart yn it doarp stie in garaazje yn de brân. It korps wie dan ek gau te plak en koe it fjoer rap útmeitsje.
Yn de loads stiene gersmeaners en kroaden. Wat de brân krekt feroarsake hat, is net dúdlik.