Soarch oer oerheveling húshâldlike help nei soarchkantoar

02 okt 2016 - 16:33

De PvdA yn Ljouwert makket him soargen oer de oerheveling fan húshâldlike help fan de WMO nei it soarchkantoar. Fan 1 jannewaris 2017 ôf falt sokke help foar minsken dy't foar langere tiid help nedich hawwe net mear ûnder de WMO, mar ûnder de Wet Langdurige Zorg (WLZ). Dat smyt in soad administrative drokte op. Dat seit altearst de PvdA.

De planning oant en mei de oerheveling is neffens de partij tige krap: tusken 17 en 28 oktober moatte alle gemeenten harren gegevens by it ryk oanlevere hawwe.

De Feriening Nederlânske Gemeenten (VNG) wol dat gemeenten ekstra amtners ynsette om de feroarings op 'e tiid troch te fieren. As gemeenten de gegevens net folslein of te let ynfierd hawwe, komt de rekken foar de húshâldlike help by de gemeenten te lizzen. En dat kin wer ta gefolch hawwe dat minsken tusken wâl en skip bedarje.

De PvdA yn Ljouwert wol no fan boargemaster en wethâlders witte wat de gemeente dwaan sil om foar te kommen dat soks yn Ljouwert bart. "Dit soort wijzigingen geven (opnieuw) onduidelijkheid en onzekerheid en staan continue zorg wellicht in de weg. Daarom moet Leeuwarden dit met andere partijen zorgvuldig en tijdig oppakken."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)