UPDATE: Brân Aldhoarne ûnder kontrôle

02 okt 2016 - 17:50

De brân yn in bedriuwsgebou yn Aldhoarne is ûnder kontrôle. Dat melde de brânwacht tsjin seizen. Sneintemiddei bruts yn it gebou brân út dy't al gau útslaand wie. Dêr kaam ek in protte reek by frij. De reek gie yn de rjochting fan de Gordyk en Jobbegea. Dêrom advisearre de brânwacht ruten en doarren ticht te hâlden, en út de reek te bliuwen.

Meardere korpsen waarden oproppen om it fjoer te bestriden, mar it bedriuwsgebou koe net mear rêden wurde.

Trefwurden: 
brân Aldhoarne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)