"Alle apparteminten flat Drachten kinne wersteld wurde"

02 okt 2016 - 15:15
  • De bewenners fan 9 apparteminten mochten fannacht hielendal net mear yn har flat komme

Alle apparteminten yn de troch brân troffen flat yn Drachten kinne wer makke wurde. Dat ferwachtet wenningbouferiening Accolade. Sneontejûn baarnde ien appartemint yn de flat oan de Lange West út. Oare wenten grutte skea op.

De bewenners mochten sneintemiddei eefkes werom nei hús om saken lykas medisinen en paspoarten op te heljen. Se waarden boppedat bypraat troch de gemeente en Accolade. Neffens direkteur Rein Swart fan Accolade binne de minsken rêstich en bot ûnder de yndruk fan alles dat der bard is.

De measte bewenners hawwe de ôfrûne nacht by famylje en freonen sliept. Oaren krigen in keamer yn in hotel.

It is noch net dúdlik wannear't de bewenners definityf werom kinne. In ynventarisaasje moat dêr de kommende dagen mear dúdlikens oer jaan.

No't de flat opknapt wurdt, giet it plan om it gebou enerzjysuniger te meitsjen ek troch. It kin troch de brân mooglik sels noch gauwer útfierd wurde.

UPDATE: Seis fan de tolve bewenners kinne op koarte termyn wer nei hûs ta, meld wenningbouferiening Accolade. Earst moatte harren apparteminten noch skjinmakke wurde en moat elektrisiteit en gas wer oansluten wurde. De oare seis apparteminten hawwe in soad reek- en wetterskea oprûn. Dy bewenners moatte noch wat langer wachtsje. De trije bewenners dy't sneontejûn nei it sikehûs moasten, binne dêr no wer út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)