UNIS Flyers litte punt lizze yn bekerduel tsjin Amsterdam

IIshockey © Omrop Fryslân
De iishockeyers fan It Hearrenfean binne de bekerkompetysje úteinset mei mei in nipte oerwinning op Amsterdam.
Dêr hiene de UNIS Flyers wol in ferlinging én penaltyshots foar nedich. De Amsterdammers kamen ferrassend sterk út de startblokken en stienen nei de earste perioade 1-0 foar. Yn de twadde perioade setten Cory Macintosh en Tony Demelinne de Feansters wer op foarsprong. Josh Prudden makke lykwols de 2-2. Yn de tredde perioade en ek yn de ferlinging waard net mear skoard. De penaltyshot fan de Flyers wienen better, dy't dus toch wûnen.
Dêrmei ferspilen de Flyers in punt foar de bekerkompetysje, want by winst nei ferlinging en/of penaltyshot krijt de winner twa ynstee fan trije punten. De ferliezer krijt ien punt.
De UNIS Flyers sitte yn pûl B mei neist Amsterdam ek Den Haach, Zoetermeer en Grins. De nûmers 1 en 2 fan de pûl pleatse har straks foar de heale finale om de beker.