Froulju Drachtster Boys ferlieze yn Amsterdam: 4-3

02 okt 2016 - 14:48

Yn Amsterdam spilen de sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys freed om de kopposysje yn de earedifyzje tsjin Zuidoost United. Beide ploegen hellen de folle winst út de earste twa duels. De Amsterdammers kamen yn de earste helte op 1-0. Zuidoost United makke flak dêrnei ek de 2-0. Noch foar it skoft kamen de Drachtsters werom op 2-2.

Yn de twadde helte rûn Zuidoost United wer út nei twa goals ferskil: 4-2. Earst flak foar tiid skoarde Sanne Bijlstra in 10-meter traap rekke en bepaalde de einstân op 4-3.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)