Follybalfroulju VC Snits kânsleas ûnderút yn Supercup

De follybalfroulju fan VC Snits binne it nije seizoen begûn mei in dik ferlies. Yn de Supercup yn Doetinchem waard kânsleas ferlern fan Eurosped út Almelo. De setstannen wiene 25-20, 25-15, 25-16.
Yn it team fan VC Snits spilen in soad nije spylsters en dy wiene noch net goed op elkoar ynspile. De Snitsers hiene muoite mei de servicedruk en it hege blok fan de Almelosters. Snits spile sels ek net sekuer genôch om oanspraak op de winst te meitsjen.
Sa einiget de Supercup yn Doetinchem foar Snits yn in desepsje.