Amerikaanse show siket spoaren Grutte Pier: "He was badass!"

Programmamakkers fan de tv-show 'Diggers' fan National Geographic binne snein by Kimswert op syk nei spoaren fan Grutte Pier. Kimswert is de histoaryske lokaasje dêr't de buorkerij fan Gutte Pier stien hat.
De presintators George Wyant en Tim Saylor fan it programma Diggers fine it moai om mei in metaaldetektor op paad te gean, want je witte nea hokker skatten der út de grûn helle wurde. De Diggers ha ûntsach foar Grutte Pier, mar hawwe ek sa harren betinkingen by him om't hy minsken deamakke hat. "He was badass!", sizze de twa manlju.
Miljoenepublyk
Yn Diggers gean Wyant en Saylor mei help fan detektors op syk nei foarwerpen, ferhalen en skiednis. It programma lûkt yn de Feriene Steaten in miljoenepublyk.
Earste kear
De opnames foar it nije seizoen fan Diggers wurde dien yn Europa en foar ien fan de ôfleveringen is dus keazen foar frijheidsstrider Grutte Pier. It inisjatyf foar dit bysûndere barren is naam troch Kooistra Detectors út Lippenhuzen. Tegearre mei it histoarysk argyf Tresoar en PeerGrouP Lokaasjeteater Noard-Nederlân binne de plannen mei National Geographic fierder útwurke. It is de earste kear dat mei help fan detektors socht wurdt nei spoaren fan Grutte Pier.
Op it plak dêr't hjoed socht wurdt, waard de ôfrûne moanne it iepenloft teaterstik 'Grutte Pier fan Kimswert' spile.
Ynternasjonale Detektordei
De twa presintators wiene sneon ek oanwêzich by de Ynternasjonale Detektordei yn Lippenhuzen. Dêr wiene fan oer de hiele wrâld sa'n 600 leafhawwers fan de sport oanwêzich om te sykjen nei bysûnder guod ûnder de grûn. It wie de grutste detektormanifestaasje ea yn Nederlân.
De ôflevering fan Diggers oer Grutte Pier wurdt nei alle gedachten takom jier útstjoerd.