Bewusteleaze scooterrider fûn op fytspaad Slachte

02 okt 2016 - 11:50
  • In 77-jierrige scooterrider is freedtemiddei bewusteleas fûn op it fytspaad by de Slachte by Seisbierrum

In 77-jierrige scooterrider is freedtemiddei bewusteleas fûn op it fytspaad by de Slachte by Seisbierrum. De man is mei slimme ferwûningen, wêrûnder ferskate brutsen bonken, opnaam yn it sikehûs.

Der is op it plak dêr't de man fûn is gjin spoar fan in oanriding. De plysje hâldt de opsje iepen dat de scooterrider net goed wurden is en dêrtroch fallen is.

Se dogge no ûndersyk nei de omstannichheden fan it ynsidint. Hjirfoar binne se ek op syk nei tsjûgen dy't de man freedtemiddei om fjouwer oere hinne sjoen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)