Erwin Mulder: "Blij met punt"

Doelman Erwin Mulder is foldien mei it punt dat SC Hearrenfean sneontejûn pakte yn de thúswedstriid tsjin PSV. It waard 1-1 yn it Abe Lenstrastation. "Als je 1-1 kunt spelen tegen de regerend landskampioen, dan doe je het gewoon goed. En dan mag je blij zijn met een punt", seit Mulder.
Mulder hie yn it foar ferwachte dat PSV de boppelizzende partij wurde soe. Dat die ek bliken. PSV wie, foaral yn de eartste helte, sterker. Dochs kaam Hearrenfean ûnferwachte op foarsprong. "Door compact en ons eigen spel te spelen, kunnen we toch kansen creëren. Dan zie je dat we toch nog op 1-0 kunt komen. De 1-1 is dan zuur, maar we mogen blij zijn met een punt", seit de nochtere Mulder.
Beslissend
De doelman wie ek bliid mei syn eigen spul. Hy hie in wichtige rol yn de wedstriid troch ferskate kânsen fan PSV te kearen. "Je weet dat deze wedstrijd belangrijk kan zijn. Andere wedstrijden kun je niet altijd beslissend zijn. Nu kan ik dat vandaag wel."
Troch it lykspul stiet SC Hearreanfean op it foarlopige fjirde plak mei 15 punten út acht wedstriden.