Bewenners foarearst noch net werom nei flat Drachten

02 okt 2016 - 09:57
  • De bewenners fan 9 apparteminten mochten fannacht hielendal net mear yn har flat komme

It is noch net dúdlik wannear't de bewenners fan de tolve apparteminten oan de Lange West yn Drachten wer werom kinne nei har hûs. Dat seit boargemaster Tjeerd van Bekkum.

Sneintemiddei om 12:00 oere is der in gearkomste foar de bewenners, mei de gemeente en wenningboukorporaasje Accolade. De bewenners fan fiif apparteminten binne sneontenacht ûnderbrocht yn hotel Princenhof yn Earnewâld. Oaren binne opfongen troch famylje en freonen.

Medisinen

De bewenners fan njoggen apparteminten mochten sneontenacht hielendal net mear yn harren flat komme. It giet om âldere minsken, in protte fan har hiene medisinen nedich. Dy moasten mei help fan de hûsdokterspost regele wurde. Neffens Van Bekkum is dat úteinlik allegear slagge.

Gaseksploazje

De ympekt fan de brân yn Drachten is grut, sa seit de boargemaster. Sneontemiddei wie der ek al in brân yn it sintrum, op it dak fan in winkel oan de Zuiderbuurt. Dêr foel de skea úteinlik ta, mar it gefal fan justerjûn liket bot op dat fan desimber ferline jier. Doe rekken achttjin apparteminten oan de Nachtegaalstrjitte swier skansearre, troch in gaseksploazje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)