Slachtoffer De Jouwer is 51-jierrige man út Zaandam

© Camjomedia
De identiteit fan it slachtoffer fan it deadlik ûngelok fan ôfrûne freed op de A7 by De Jouwer is bekend. It giet om in 51-jierrige man út Zaandam.
In frachtwein botste freedtemiddei boppe-op in auto dy't ôfremme foar in file. Dêrnei ûntstie in enoarme gaos. Mei-elkoar seis auto's en twa frachtweinen rekken by it ûngelok belutsen. Sawol de frachtwein as de persoane-auto fleagen yn de brân en brânden folslein út. Dêrtroch wie de identifikaasje fan it deadlik slachtoffer hiel lestich.