Gemeentlike earepinning foar Anker en Anker

02 okt 2016 - 08:35
  • De bruorren Anker

De bruorren Wim en Hans Anker hawwe sneontemiddei yn Akkrum de earepinning fan de gemeente Hearrenfean krigen. Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean rikte de pinning út oan it advokateduo. Dat barde by it 40-jierrich bestean fan de Stichting Sportreal - Akkrum-Nes Centraal, dêr't Wim en Hans Anker beiden al 40 jier yn it bestjoer sitte. Se krije de pinning fanwegen harren betsjutting foar Akkrum en de gemeente.

Njonken harren ynset foar de stichting, binne de bruorren Anker (63 jier) goed 40 jier aktyf yn it ferieningslibben fan Akkrum en Nes, 45 jier aktyf lid fan it selskip Wynia en 45 jier stiper fan muzykferiening Harmonie yn Akkrum-Nes.

Wim Anker wie fierder tsien jier foarsitter fan it gewest Fryslân fan de KNSB. Hans Anker wie tsien jier bestjoerslid fan de skelekommisje fan de KNSB.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)