Motorrider jaget mei 138 km oer provinsjale dyk Ypekolsgea

02 okt 2016 - 08:14

In 44-jierrige motorrider út Balk is ôfrûne nacht oanhâlden op de N928 by Ypekolsgea. De man ried hast 60 kilometer yn 'e oere te hurd. De motorrider ried 138 kilometer yn 'e oere, wylst op de provinsjale dyk N928 mar 80 kilometer tastien is. De plysje hat syn rydbewiis ôfnaam.

Drankriders

Tsjin in 49-jierrige drankrider út Sleat is sneontejûn ek proses-ferbaal opmakke. De bestjoerder hie fierstente folle alkohol hân en rûn yn syn eigen wenplak tsjin de lampe.

Ek in begjinnend bestjoerder út de gemeente Hearrenfean waard sneon pakt mei te folle drank op. Tsjin de 25-jierrige fertochte wurdt ek proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)