SC Hearrenfean knokt en pakt punt mei lyk spul tsjin PSV

01 okt 2016 - 22:14

SC Hearrenfean hat sneontejûn mei 1-1 lyk spile tsjin PSV yn it Abe Lenstrastadion. Beide ploegen gongen yn de earste helte lange tiid lyk op, mar stadichoan waarden de Eindhovenaren sterker. Hearrenfean hie hâlden en kearen om mei 0-0 de rêst yn te gean.

Nei de tee wie it yn de 72e minút Arber Zeneli dy't de Feansters op 1-0 foarsprong brocht. Lang duorre dat net, want trije minuten letter gong de bal nei in aksje fan PSV'er Gastón Pereiro ûngelokkich fia Jeremiah St. Juste yn it Fryske doel en waard de einstân 1-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)