Skeel noch net oer, mar kjeld foar part út de loft by KNSB

01 okt 2016 - 21:28

De kjeld is foar it grutste part út de loft binnen reedrydbûn KNSB. Dat seit Johannes de Vries, foarsitter fan it Gewest Fryslân. Der is in skeel oer de begrutting fan it bûn. De gewesten (ek Fryslân) en riders (wêrûnder Sven Kramer) wolle noch net akkoard gean mei de begrutting fan it KNSB foar kommend seizoen. Troch ferlies fan 3 miljoen euro yn 2015 moat der besunige wurde.

It bûn wol sels snije yn syn personielsbestân. Mar ek de preemjepot fan de reedriders wurdt hast de helte lytser. Neffens De Vries sit elk noch net op ien lijn. Hy tinkt dat it hiel dreech wurdt, mar dat se der eintsjebeslút al útkomme. Ein dizze moanne wurdt fierder praat oer de problemen binnen it reedridersbûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)