Seis ferwûnen by grutte brân yn flatwenning yn Drachten

Seis minsken binne sneontejûn mei problemen mei it sykheljen nei it sikehûs ta brocht nei in fûle brân yn in flatwenning oan De Lange West yn Drachten. De brân ûntstie om healwei njoggenen yn in flat op de boppeste ferdjipping. In oere letter hie de brânwacht it fjoer ûnder kontrôle.
De brân ûntstie mooglik troch koartsluting yn in telefyzje. By de brân kaam in soad reek frij, dêrom is it appartemintekompleks ûntromme.
Yn it gebou wenje in soad âlderein. Se binne bot skrokken fan de brân. Se waarden earst opfongen yn jongeresintrum Iduna. Dêrnei binne se nei de bedriuwskantine fan Philips ta brocht. Dêr is ûnder oaren bepraat wa't wêr oernachtet. Op syn minst seis apparteminten binne net mear bewenber troch reek- en wetterskea.
Earder op de dei wie der ek al in brân yn Drachten. Om in oere as healwei fjouweren bruts der brân út yn it sintrum, by de parfumery Douglas oan de Suderbuert. Dêrby rekke net ien ferwûne.