Offearten sneltsjinst Flylân ferfalle troch stoarmich waar

01 okt 2016 - 20:26
  • De rappe boat fan Doeksen

Om't it snein sa hurd waaie sil, gean de ôffearten fan de sneltsjinst fan en nei Flylân om 17:45 en 18:55 net troch. Moarns gean de ôffearten fan de sneltsjinst wol gewoan troch.

Yn de rin fan 'e middei is der snein kâns op pittige buien mei tonger. It sil yn it kust- en Waadgebiet hurd (krêft 7), mooglik stoarmich (krêft 8) waaie en der is by buien kâns op wynstjitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)