ONS Boso Snits ferliest mei 3-1 de slach tsjin FC Rijnvogels

01 okt 2016 - 20:16

ONS Boso Snits is sneon mei 3-1 it skip yn gong tsjin FC Rijnvogels yn Katwyk. Yn de earste helte wie der in soad balferlies foar beide ploegen. De iepeningstreffer wie in de 17e minút foar de Rijnvogels, makke troch Arno Dijkstra. Efkes letter wie it nochris Dijkstra dy't de stân op 2-0 brocht.

Nei it skoft koe ONS Boso net folle ynbringe en krige wer in doelpunt tsjin. Ricardo de Vlugt makke yn de 62e minút de 3-0 foar de Katwikers. Tolve minuten letter koene de Snitsers einlik in kâns fersulverjen mei in treffer fan Yume Ramos: 3-1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)