Tal besikers Foarút mei de Handel fier boppe ferwachting

01 okt 2016 - 18:34

It evenemint Foarút oer de As mei de Handel hat sneon 180.000 besikers lutsen. Dat wie fier boppe ferwachting fan de organisaasje, dy't yn 't foar rekkene hie op 20.000 belangstellenden. Op de Sintrale As wie in 9 kilometer lange hannelsrûte útset, dêr't minsken by del rinne koene.

Margaretha Damstra fan de organisaasje is út 'e skroeven. "Unfoarstelbaar! Wy binne sa grutsk dat der safolle belangstelling wie foar dit evenemint." De organisaasje is ek tige tefreden oer it ferrin fan de dei. Der hawwe gjin kalamiteiten west.

Wol wiene der wat te min pindeltsjinsten. "We ha der sân of acht bussen by regele en Arriva, dy't it ferfier tusken de hannelsrûte en de omlizzende doarpen fersoarge, hat it grôtdrok hân", sa seit Damstra.

Op freed 7 oktober giet nei jierren fan tarieden, ûntwerpen en bouwen de folsleine Sintrale As iepen foar ferkear. De dyk tusken Dokkum en Nyegea moat it noardlike part fan ús provinsje better mei-inoar ferbine en in ympuls jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)