Keunstwurk 'De Beam fan Langsweagen' ûntbleate

01 okt 2016 - 16:47
  • Keunstwurk 'De Beam fan Langsweagen'

By de westlike yngong fan Langsweagen is sneontemiddei it keunstwurk 'De Beam fan Langsweagen' offisjeel presintearre oan de bewenners. It keunstwurk is in inisjatyf fan Pleatslik Belang. Keunstneres Wietske Lycklama à Nijeholt hat it ûntwerp makke, in metaalbedriuw hat it útwurke.

Elkenien dy't der oan bydroegen hat, wie útnûge om by de presintaasje te wêzen. Wethâlder Rob Jonkman fan Opsterlân hat de plakette by it keunstwurk ûntbleate. Dêrop stiet in taljochting by 'De Beam fan Langsweagen'. 

It keunstwurk is betelle troch de gemeente Opsterlân en it Rabobank Coöperatiefonds.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)