UPDATE: Brân yn sintrum Drachten ûnder kontrôle

01 okt 2016 - 17:10

De grutte brân yn it sintrum fan Drachten is ûnder kontrôle. Om in oere as healwei fjouweren bruts der brân út by de parfumery Douglas oan de Suderbuert. De brân wie op it dak fan de winkel en der kaam in soad reek by frij. De brânwacht rukte manmachtich út en hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Nei alle gedachten is de brân ûntstean by wurksumheden oan it dak. 

In part fan it sintrum waard ûntromme. Op it stuit fan de brân wie der yn it sintrum it evenemint Drachten in Stijl. Dat waard tydlik stillein. 

De aktiviteiten jûn, lykas it konsert ûnder it kariljon, gean gewoan troch. Dy duorje oant in oere as healwei njoggenen jûn. Boargemaster Tjeerd van Bekkum ropt elkenien op gewoan te kommen. De situaasje is folslein ûnder kontrôle en der is ek gjin reek mear yn it sintrum. 

Der is ûnder de brân in persoan oppakt dy't de oanwizingen fan de plysje net opfolgje woe. Tsjin dizze persoan wurdt proses ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)