Minister Kamp praat op Skylge oer plan foar gaswinning

01 okt 2016 - 15:48

Minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken bringt snein in besite oan Skylge. Hy sil dêr yn petear mei minsken fan de Waadferiening en GasTvrij Terschelling. Ferline jier waard de minister alris útnûge om in besite te bringen oan it eilân mar hie doe gjin tiid.

It bedriuw Tulip Oil wol graach nei gas boarje by it Hoarnse Bosk, op de râne fan beskerme natuergebieten. Der is in soad wjerstân tsjin it plan fan Kamp om dat ta te stean. De beide organisaasjes nimme de minister yn in kapwein mei hynders mei op in tocht troch it natuergebiet.

De Waadferiening en GasTvrij Terschelling wolle dat de besite fan minister Kamp it startskot wurdt fan in grutte kampanje om tenei allinnich noch mar duorsume enerzjy te winnen. Nei syn besite oan Skylge reizget Kamp moandei troch nei It Amelân en Skiermûntseach. Ek dêr bin plannen foar de winning of ekstra winning fan gas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)