Plysje skokt troch gedrach passanten by ûngelok De Jouwer

01 okt 2016 - 15:18

De plysje Hearrenfean is skokt troch de reaksjes fan in grut tal automobilisten nei de oanriding by De Jouwer freedtemiddei. Nei't in frachtwein op in file ynriden wie, moast de dyk lange tiid ôfsletten wurde, sadat de helptsjinsten de slachtoffers better helpe koene.

Foar ferskate automobilisten wie dit reden om gebearen te meitsjen nei aginten en lilk foarby te riden. De plysje Hearrenfean neamt it op Twitter 'Triest!' dat in grut tal passanten harren net begrypfol opsteld hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)