Al 20.000 besikers by hannelsrûte Sintrale As

01 okt 2016 - 13:02
  • Op de Sintrale As stiet in hannelsrûte fan 9 kilometer

It is drok op de Sintrale As, de nije autodyk fan Nyegea nei Dokkum. Dêr is sneon in 9 kilometer lange hannelsrûte útset, dêr't minsken by del rinne kinne. En dat lûkt in soad folk. De organisaasje tinkt dat der rûn tolve oere middeis al sa'n 20.000 minsken op de rûte wiene.

Benammen it noardlike part fan de dyk is drok. Yn it suden soe noch genôch parkearplak wêze. Dochs ropt de organisaasje minsken op om foaral mei de fyts nei it evenemint te kommen.

Omrop Fryslân is sneontemiddei ek oanwêzich op de hannelsrûte, fan ien oere ôf wurdt der live ferslach dien fan alles dat der op de dyk bart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)