Detektordei yn Lippenhuzen lûkt ynternasjonale leafhawwers

Goed 600 minsken fan oer de hiele wrâld binne sneon yn Lippenhúzen om te sykjen nei skatten yn de grûn. Yn Lippenhuzen wurdt sneon de Ynternasjonale Detekordei hâlden. Noch nea hat der sa'n grutte detektormanifestaasje west yn Nederlân.
It is wis dat der sneon guod fûn wurdt, want de organisaasje hat mear as 1.000 pinningen yn de grûn stoppe. Dêrmei kinne de sikers moaie prizen winne.