PvdA Ljouwert kriget listlûkersferkiezing

De PvdA Ljouwert kriget syn eigen listlûkersferkiezingen. In krappe mearderheid fan de leden stipet in útstel fan Anne Zijlstra. Hy tsjinne it yn by de algemiene ledefergadering yn Koarnjum wêrby't de PvdA ôfdielingen yn Ljouwert en Ljouwerteradiel fusearre bin. Dat is nedich yn ferbân mei de kommende gemeentlike weryndieling, wêrby't Ljouwerteradiel by Ljouwert komt.
Deinum en Feitsma tsjin ferkiezing
Opfallend wie dat de listlûker fan de foarige ferkiezingen yn Ljouwert, Henk Deinum, tsjin de ferkiezingen is. Ek syn kollega wethâlder Sjoerd Feitsma sjocht in ferkiezing net sitten.
Samsom
Net de ekonomy en net de keapkrêftplaatsjes binne de belangrykste ûnderwerp foar de PvdA by de kommende ferkiezings. It giet der folle mear om de boel byelkoar te hâlden, yn in tiid fan diskusjes oer flechtlingen, Swarte Pyt en de boerkini. Dat sei partijlieder Diederik Samsom sneon yn Koarnjum.