Drokte by iepening tentoanstelling Alma-Tadema

01 okt 2016 - 11:57
  • Drokte by de iepening fan de tentoanstelling oer Alma-Tadema
  • De earste besikers fan de tentoanstelling

De webside hie it earder dizze wike al dreech troch it grutte tal besikers en no fernimt it Fries Museum it ek yn it echt wat de ympekt fan Alma-Tadema is. Fan sneon ôf is nammentlik de tentoanstelling Alma-Tadema - Klassieke Verleiding iepen. It is de grutste tentoanstelling yn de skiednis fan it Fries Museum. Nei omtinken by ûnder oare de BBC en de NOS wurde der tusken no en 7 febrewaris 2017 mear as 80.000 besikers ferwachte.

Sneontemoarn om alve oere soene de doarren fan it museum iepen om de earste besikers ta te litten, mar troch de drokte dy't foar alven al foar de doar ûntstie, hat it museum de doarren earder iepen dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)