Slingerjende drugsriders pakt by Sint-Nyk

Ghb © ANP XTRA
Op de A6 by Sint-Nyk binne yn de nacht fan freed op sneon twa minsken oanhâlden om't se slingerjend oer de dyk riden. Doe't de plysje it twatal kontrolearre sei de 35-jierrige automobilist út Kerkdriel dat er ferdôvjende middels brûkt hie.
Syn rydbewiis is ynnaam en hy krige in rydferbod. Yn de auto waard noch tal fan drugs fûn. Under oare speed, xtc-pillen, ghb, en ferskate oare pillen. Dizze soene fan de 44-jierrige byrider út Zaltbommel wêze. Dizze man is dêrop ek oanhâlden.