Flinke brân yn heabalen De Westereen

Brân yn heabalen yn De Westereen © De Vries Media
Op de Mieden yn De Westereen hat freedtejûn in fûle bûtenbrân west. Ferskate heabalen wiene krekt nei healwei alven yn de brân flein. It drûge materiaal soarge foar grutte flammen. De brânwachtkorpsen fan De Westereen en Damwâld waarden oproppen om de brân te bestriden.
De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.