Kollum: "Yrritaasjes"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"Soms moat je efkes wat lytse yrritaasjes kwyt oer wat der sa al barde yn sa’n wike. Littenseradiel lûkt in ton út foar ôfskied as gemeente. En mar 25.000 foar kulturele haadstêd. Ofskied is wichtiger as takomst.
Harns en Skylge dogge net mei oan doarpetop. Arro. It giet by ús goed, wat kin ús de rest dan bomme. Ontgroeningen binne fassistyske spultsjes, wêrfan't wy yn de 60'er jierren al sein ha dat se ferbean wurde moatte soenen. Dat ha we net rêden. Dat komt om't de bestjoerders it hieltyd sels meimakke ha en it wol moai fine dat no oaren in te hurde slach tsjin de harsens krije.
Jan Smit is royearre troch de oare jagers op Skylge. Dêr moat Jan net oer sanikje. Dan binne je ommers gjin reeëmoardner. Mar wa bepaalt no hoefolle reeën earne ôfsketten wurde kinne. Marianne Thieme of immen op learzens mei griene stikkers op de jeep en bloed oan de hannen.
In tweet woansdei fan CDA Fryslân. “Evaluaasje 2016 guozzeoanpak. Konklúzje: der kinne noch gjin konklúzjes lutsen wurde. Der is net genôch hifkingsmateriaal”. In tweet fiif minuten letter: “In jier útstel fan de evaluaasje”. Wat binne dit foar minsken. Je evaluearje dingen dy’t west ha, dat hoech je net út te stellen, want je witte gewoan dat it foar gjin meter doogd hat. Je moatte dus wat dwaan. Dat de partij dy’t seit dat se der wol mei rêde sille, dat net wit, dat hoecht net op twitter. Dat is gjin nijs.
Klaas Haijtema luts de stekker út Birmaanske moslims. En as hjir yn Fryslân bûtenlanners komme, dan moatte se har oanpasse oan Klaas.
Ronald Plasterk hat wer in sûn hert. Hy moast yn Fryslân in kommissaris ferkeapje. Ronald is mar bysfeint. Froulju ha’t foar it sizzen yn syn partij. Dy fine in kommissaris in úthingboerd, en dêr moat dus in frou oan hingje. Dus Ronald sei tsjin de Fryske Steaten dat it net om de bêste giet, mar om de bêste frou. Fryslân krijt dus in frou. Lestich, dy rokjes op it steatejacht.
De Stevenshoek yn Langwar rint it normale paad fan rekreatyf Fryslân. Eartiids stie dêr in suvelfabryk. Dat waard in hotel/restaurant/dûnskafee, mar it bleau altyd in suvelfabryk. De rotsoai wurdt der no wei helle, der komme wenningen. Foar Hollanners fansels. Mar der sitte fan dy soere minsken op it gemeentehûs op 'e Jouwer. Dy wolle dêr gjin auto’s ha. Dy lju moatte aanst 450 meter rinne nei de auto. Jo sille mar krekt seis kratten Hertog Jan foar fjouwer euro goedkeaper yn jo auto ha. Sjouwe. Of 450 meter mei in rollator. Elkenien hat hjir yn Fryslân de auto hast yn de hal stean. En dan ús o sa wurdearre gasten net? Watte? Ja fansels: net ien keapet aanst sa'n autoleas hûs. De Stevenshoeke bliuwt dus in ferlern part yn it fierder sa moaie Langwar.
Wer efkes nei twitter. Fedde Breeuwsma fan de FNP Dongeradiel. “Jun by gearkomste oer heryndieling noard east Fryslân.” Jim hearre it, Breeuwsma giet mei de tiid mei: net wer- mar heryndieling. De tweet gie fierder. “Yn Easternijtsjerk net in protte flecht op de koai”. Nee. Fyftjin man yn de seal. Tolve riedsleden en amtners. Twa boargers. It kin net ien wat skele. Sjit dan ek mar op en doch it mar wer in jier earder.
Alco Reijenga stapt op as skipper op it Hearrenfeanster skûtsje. Dêr ha’k gjin miening oer. Wol oer it ferhaal wat Ton van der Laan, al wer in jier as wat skûtsjeferslachjouwer by de Ljouwerter, der yn de krante fan makke. Alco soe in soan wêze fan Cor Reijenga, de eardere foarsitter fan Snits, wylst dat syn omke is. Alco is ien fan Jelle, eartiids skipper op de Lemmer. Van der Laan skriuwt ek dat Alco in professional wêze woe, wylst oaren skûtsjesilen as folkloare sjogge. Ja, redakteuren fan de Ljouwerter Krante miskien, mar nimmen út it skûtsjesilen sels. Folkloare bewarje yn jo profesjonele wêzen, dat is de SKS. Mar as dat soarte essinsjele saken net doge, hoe moatte je dan de rest fan it ferhaal lêze. Foar it oare: Siete Meeter en Alco Reijenga fuort. Alles mei. Inkeld gjin Visser of Meeter as opfolger. Da’s wer folkloare."