Eksposysje oer Sir Lawrence Alma-Tadema offisjeel iepene

30 sep 2016 - 22:22
  • Tentoanstelling oer Alma Tadema iepene

De eksposysje oer Sir Lawrence Alma-Tadema yn it Fries Museum is freedtejûn offisjeel iepene. Under oaren direkteur Kris Callens, keunstner Jasper Krabbé, gastkurator Peter Trippi en de Amerikaanske production designer Arthur Max joegen in taspraak. It Fries Museum hat mear as tachtich skilderijen fan de yn Dronryp berne Alma-Tadema sammele. De eksposysje is fan sneon ôf te sjen foar it publyk. Callens kundige by de iepening ek oan dat se no op syk gean nei finansiering foar it projekt oer Mata Hari.

Mata Hari

De bedoeling is dat der takom jier in grutte tentoanstelling oer makke wurdt. It is dan hûndert jier lyn dat Mata Hari eksekutearre waard. Dan wurde ek de gerjochtsdossiers oer har iepenbier makke. Dy moatte útwize oft se echt in dûbelspionne wie.

Dronryp fergees nei tentoanstelling Alma Tadema

Alle ynwenners fan Dronryp binne útnûge nei de útstalling oer it wurk fan Lourens Alma Tadema yn it Fries Museum te kommen. Lourens Alma Tadema waard op 8 jannewaris 1836 berne yn Dronryp. Direkteur Kris Callens fan it museum makke dat freedtemiddei bekend by de iepening fan de útstalling 'Hommage aan Alma Tadema' yn de biblioteek fan Dronryp. De útstalling rint gelyk op mei dy yn it Fries Museum.

Yn Dronryp binne tekeningen en knipsels te sjen dy't Alma Tadema makke yn syn jeugdjierren. Doarpsbelang Dronryp wol it leafst alle minsken op ien dei tagelyk yn it museum ha. "It soe prachtich wêze om it Wilhelminaplein yn Ljouwert fol te krijen mei Rypsters dy't nei de útstalling gean", seit foarsitter Klaas Koopmans fan doarpsbelang. Wannear't dat krekt bart, is noch net dúdlik. De bestjoeren fan de ferienings yn it doarp sille har dêr de kommende dagen oer bûge. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)