Soer ferlies foar SC Cambuur yn Maastricht

30 sep 2016 - 22:08
  • Cambuur spile freedtejûn yn Maastricht

SC Cambuur hat freedtejûn de útwedstryd tsjin MVV yn Maastricht mei 2-1 ferlern. Yn in net al te bêste earste helte kaam Cambuur yn de 36e minút op 1-0 troch in goal fan Ricardo Kip dy’t de bal knap oer de keeper wipte. Tsien minuten nei it skoft skoarde Joeri Schroijen de lykmakker foar de thúsploech. Mei Martijn Barto yn it fjild as ynfaller foar Ninos Gouriye waarden de Ljouwerters in pear kear gefaarlik, mar de bal woe der net yn.

Krekt doe’t de ploech frede like te hawwen mei in punt, kopte MVV-ynfaller Gijzen yn de 89e minút út in foarset fan Schroijen de 2-1 binnen.

"Kleuterklas"

It earste tsjingoal wie neffens keeper Leonard Nienhuis net nedich. "Ik sta er versteld van. Je helpt de tegenpartij in het zadel. Als je ziet hoe je het weggeeft, dan is het verschrikkelijk." Trainer Rob Maas is ek bot teloarsteld. "Onvolwassen, een soort kleuterklas". Hy doelt dermei ek op de individuele flater fan ferdigener Djavan Anderson. "En dan ineens ligt de bal erin en is het team van slag. Daar baal ik zo van. Het was een kinderlijke fout en dat weet de speler zelf ook. Het manko van het team is dat ze de kansen niet afmaken. We hadden de wedstrijd totaal onder controle, maar scoren blijft een probleem."

"Knullige fout"

Ferdigener Anderson leit de flater by himsels del. "Een knullige fout, die ik mezelf ook erg kwalijk neem. Het is voor mij dan ook een zure avond. Ik weet niet wanneer ik weer goed ga slapen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)