Skroat ynsammelje foar de bou fan Frysk Hynder op Ofslútdyk

It 25-meter hege stânbyld fan it Frysk Hynder dat op de kop fan de Ofslútdyk komme moat stiet der yn 2018 noch net. It is de inisjatyfnimmers fan it byld noch net slagge om de finansiering rûn te krijen. Der binne oant no ta noch gjin tasizzings foar de yn totaal 2,3 miljoen euro dat op it kleed komme moat. Mei help fan bedriuwen en crowdfunding hopet de organisaasje dat der yn alle gefallen in begjin makke wurde kin. Om de kosten te drukken wol de organisaasje it byld bouwe mei ynsammele skroat.