Nammeboerd iisbaan as earbetoan oan Atje Keulen-Deelstra

De iisbaan fan Ljouwert hjit no offisjeel de Atje Keulen-Deelstrabaan. De trije bern fan de âld-wrâldkampioene út Jirnsum mochten it nammeboerd freedtemiddei ûntbleatsje. It bestjoer fan de iishal kaam sa in âlde - en heal fergetten - belofte nei út it jier 1974. De Ljouwerter iisklup stribbe doe ek al nei in 400 meter baan. As der in baan komme soe, soe dy Atje Keulen Deelstrabaan hjitte. Mar omdat it hiel lang duorre foardat Ljouwert in 400 meter baan krige, wiene in soad minsken dy belofte fergetten.
Fergetten belofte
Dat jildt lykwols net foar âld gemeente-amtner Dirk Mennink (82). Hy brocht de âlde belofte yn it sin by it bestjoer fan de iishal en ek by de gemeente. Nei in lytse speurtocht yn de argiven kaam de belofte út 1974 al gau foar it ljocht. Bestjoer en gemeente wiene it der gau oer iens dat it in goeie saak is om de nije baan Atje Keulen-Deelstrabaan te neamen. De nije iishal krijt sa fuortendaliks in moai stik reedrydskiednis. Ek de famylje fan Keulen-Deelstra is bliid. Dochter Baukje hie it oan in 'moai earbetoan oan ús mem'. De hal dêr't de baan yn leit hâldt wol de namme Elfstedenhal.
De Atje Keulen Deelstrabaan is mei yngong fan sneon wer iepen foar it publyk.