"Yn de regionale ekonomy giet it ek stadichoan better"

30 sep 2016 - 20:11

De regionale ekonomy sit wer yn de lift. Dat wie de teneur by de Stellingwerver "Business Contactdagen" dy't freed en sneon holden wurde yn Aldberkeap, dêr't sa'n 50 bedriuwen har presintearren. It sintrale boadskip fan polityk Den Haach wie de lêste wiken dat it lân der ekonomysk wer poerbêst foar stiet. Fraach is wat regionale ûndernimmers dêr fan fernimme. Yn de Stellingwerven blykte de sfear foarsichtich optimistysk ûnder ûndernimmers, benammen om't ek banken krekt wat makliker binne by kredytoanfragen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)