Leare bern sûner te iten troch djoere lespakketten?

30 sep 2016 - 19:40

Nederlânske bern ite net sûn, sa docht bliken út resint ûndersyk. Minder as ien prosint yt foldwaande griente en minder as fiif prosint yt foldwaande fruit. Fan alle jongeren hat ien op de tsien oergewicht. Dêr moat wat oan dien wurde, fynt ek it kabinet. Dêrom wurdt der hast 6 miljoen euro beskikber steld om bern te learen om goed mei iten om te gean. En dit begjint op skoallen. Skoallen kinne fan dat jild ûnder oaren lespakketten oer sûn iten krije. De Willem Alexanderskoalle yn Ljouwert is al jierren dwaande mei sûn iten foar de bern.

Sûne skoalle mei súkses

Mei súkses, want dizze skoalle hat it predikaat 'sûne skoalle'. Op de skoalle wurde ferskate projekten ûndernaam mei de bern, dêr't ek de âlders by belutsen wurde. Sa wurdt der meidien oan it EU-fruitprojekt, is der mei âlders en bern ôfpraat dat de traktaasjes by jierdeis sûn wêze moatte, is der in itensied-studio, binne der workshops foar âlders en is der op woansdei in wetterdei.

Gedrachsferoaring

Titia Boomgaardt, direktrise fan de skoalle, sjocht ek dat der noch in soad wurk oan de winkel is om bern sûn ite te litten. "It freget om in gedrachsferoaring. Wy binne hjir al jierren mei oan de gong, mar it is somtiden noch altyd dreech om bern sûn iten mei nei skoalle nimme te litten." Dochs dogge de ferskate projekten dy't op de Willem Alexanderskoalle mei de bern en âlders ûndernaam wurde wol fertuten. "Wy fernimme dat it boadskip fan sûn ite wol oer komt. De measte bern nimme no ek út harsels sûn iten mei nei skoalle en de âlders wurkje hjir oan mei."

"Goed iten is better as djoere lespakketten"

Bern en âlders oantrúnje om sûn te iten berikke je net troch allegear lespakketten, tinkt Boomgaardt. "Der binne al sa'n soad lespakketten. Wy moatte it dwaan! Wy moatte mei sûne produkten oan de slach!" Neffens de direktrise soe it skande wêze at it jild fan it kabinet allinnich oan lespakketten bestege wurdt. "It jild soe troch skoallen better brûkt wurde kinne om sûne produkten te keapjen. Dy binne djoer en dus soe it moai wêze at de oerheid skoallen dêryn temjitte komt. Dat soe mear opsmite", beslút Boomgaardt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)