Ien deade nei ûngelok by rotonde De Jouwer

By it ûngelok op de A7 freedtemiddei is ien deade fallen. Dat lit de plysje witte. It ûngelok barde by De Jouwer fanút de rjochting Snits. In persoaneauto remme foar in file. De frachtweinbestjoerder efter dy auto seach dat te let en botste op de auto. De persoane-auto kaam ûnder de frachtwein terjochte. De frachtweinsjauffeur hat gjin ferwûnings oprûn. De bestjoerder yn de auto kaam om it libben. De identiteit fan it slachtoffer is noch net bekend.
Ferskate auto's en ek in lytse frachtwein út de oare rjochting wienen by it ûngelok belutsen. Ien frou is nei it sikehûs brocht. De A7 by De Jouwer rjochting It Hearrenfean is noch oant likernôch freedtejûn tsien oere ticht.