Ried fan kommissarrissen Caparis oanfold mei Pieter de Kroon

30 sep 2016 - 17:15
  • It filiaal fan Caparis yn Ljouwert

Pieter de Kroon is beneamd as tredde lid yn de nije ried fan kommissarissen fan wurkfoarsjenning Caparis. Hy wie de kandidaat fan de ûndernimmingsried. De nije kommissarissen binne freed mei har wurk begûn. De Kroon wie al earder troch de ûndernimmingsried nei foaren skood as kommissaris, mar de âlde ried woe him der doe net yn ha. Nei in soad bestjoerlike ûnrêst stapten de âlde kommissarissen op en is in nijen socht. Njonken De Kroon binne dat âld-boargemaster Arie Aalberts en Fedde Pronk, dy't in achtergrûn yn it bedriuwslibben hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)