Spylje mei de Fryske fuotbalfroulju yn FIFA 17

30 sep 2016 - 17:09
  • Sherida Spitse yn aksje foar Oranje

De fanatike fuotbalfans kinne har sûnt koart wer útlibje mei de nijste edysje fan FIFA 17. Fan tongersdei ôf is it spultsje yn de winkels te ferkrijen. FIFA hat dit jier ek in Frysk tintsje. Yn it spul is foar it earst ek it Nederlânsk frouljusalvetal opnaam, mei dêryn spylsters Sherida Spitse en Loes Geurts.

Sherida Spitse, dy't berne is yn Snits, spilet op it stuit yn Noarwegen, by in klup yn Lillestrøm. ''Ik fyn it hiel moai makke. Ik lykje der ek wol op. Mar ik ha it spultsje noch net spile, it is allinne spitich dat ik net de nûmer 8 bin.''

''Hast ûnwerklik''

Keepster Loes Geurts hat koartlyn de oerstap makke nei it Frânske Paris Saint Germain. Se fynt it hiel moai dat se yn de nijste edysje fan FIFA sit. ''It is hast ûnwerklik dat elkenien no mei Loes Geurts yn it spultsje spylje kin. Op it earste gesicht fyn ik de foto net hielendal op my lykje, mar dat makket net út, it giet derom dat it popke myn namme hat!''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)