Dûkers identifisearje twa dûkboaten boppe Skiermûntseach

30 sep 2016 - 16:16
  • De dûker komt út de Noardsee

De dûkboat dy't twa wiken lyn werom fûn is boppe Skiermûntseach is identifisearre. It giet om de Britske boat HMS 05. Op 7 maart 1916 rûn de dûkboat nei alle gedachten op in Dútse seemyn. Neist dizze is ek in oar wrek better ûndersocht. It giet om de Britske dûkboat HMS E26. Dy leit wat fierderop. De lokaasjes fan de beide dûkboaten wienen al langer yn byld. Om't se yn in drokke skipfeartrûte lizze wie it hast ûnmooglik ûndersyk te dwaan. De Kustwacht hâlde it skipfeartferkear inkele oeren op feilige ôfstân, sa koenen de dûkers ûndersyk dwaan.

Gearwurking

It inisjatyf kaam fan dûkteam Zeester fan Lauwerseach. Yn oparbeidzjen mei Stichting Nabestaanden Onderzeeboten 1940-1945, stichting Duik de Noordzee Schoon en de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod is de operaasje opset. Om't der in grut kultureel histoarysk belang is hawwe Rykswettersteat en de Kustwacht it mooglik makke om yn de wichtige en drokke skipfeartrûte te dûken.

Neibesteanden ynljochtsje

Projektlieder Jouke Spoelstra fan de Keninklike Marine en fan de Stichting Nabestaanden Onderzeeboten 1940-1945 is tige optein oer de identifikaasje. "We witte dat der ek yn Ingelân noch hieltyd neibesteanden op syk binne nei de ûnderseeboaten dy't nea werom kamen. We ha de autoriteiten yn Ingelân op de hichte steld en no kinne sy it boadskip wer oerbringe nei de neibesteanden". Spoelstra is ek wiis mei de gearwurking mei de dûkteams. "It helpt hiel goed by it finen fan dy wrekken dy't oeral yn de Noardsee lizze kinne. Stap foar stap kinne we it lot fan de bemannings fan de ûnderseeërs en ek oare skippen efterhelje".

Respekt foar militêr erfguod

Spoelstra: "It finen fan de wrakken is belangryk foar de neibesteanden. Dat lêste rêstplak fan har famyljeleden kin no better beskerme wurde. It giet hjir om faak ûnbekend militêr erfguod. Dêr moatte je respektfol mei omgean". Beide ûnderseeboaten binne noch yn ridlike steat. De HMS 05 mist al de toer. Dy leit njonken de ûnderseeboat. De toer fan de HMS E26 stiet al jierren op Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)