Harkemase Boys nimt ôfskied fan Harkema-Opeinde

30 sep 2016 - 16:07

Harkemase Boys set nei dit seizoen in punt efter de gearwurking mei Harkema-Opeinde. No hawwe beide klups noch ien jeugdôfdieling, mar dat is nei dit seizoen dus foarby. Reden is in fertrouwensbreuk, meldt Harkemase Boys. De klup skriuwt dat in groep Boys-frijwilligers al langere tiid ûntefreden is. Der soe ûnderling te min fertrouwen wêze. Ek soe it bestjoer fan Harkema-Opeinde selsstannich beslissingen nimme oer jeugdalvetallen, sûnder Harkemase Boys te ynformearjen.

De twa klups hawwe meardere kearen om tafel sitten. Ek hat Harkema-Opeinde noch foarstellen ta ferbettering dien, mar foar it bestjoer fan Harkemase Boys wie dat net genôch. Dit seizoen wurdt noch mei-inoar fuotballe, mar dêrnei net mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)