Eigener coffeeshop Wolvegea set bylden wapene oerfal online

Coffeeshop Dikrayaat yn Wolvegea hat bewakingsbylden fan de wapene oerfal fan 16 jannewaris op YouTube set. No pas, om't se it fermoeden hawwe dat de plysje de dieders op it spoar is, mar dat der noch krekt dat lêste setsje nedich is. Se hawwe de bylden op eigen inisjatyf pleatst.
Michael Piña wie oanwêzich yn de coffeeshop doe't de oerfallers binnen kamen. ''We zaten hier met zijn allen. Op een gegeven moment kwamen er twee mannen binnen, een van hen bleef staan bij de balie. Ineens richtte een van de mannen op ons met een AK-47. Vanaf dat moment sloeg de paniek toe.''
''We dachten eerst dat het een grap was''
In earste ynstânsje tocht Michael dat it in grap wie. Dochs kaam hy der gau efter dat se echt yn gefaar ferkearden. ''We dachten eerst dat het een grap was. Tot het wapen op ons werd gericht. Toen we dat wapen zagen, wisten we dat het echt was.''
Plysje-ûndersyk
De plysje is sels noch yntinsyf dwaande mei it ûndersyk nei de dieders. Der sitte noch seis resjersjeurs op de saak en se hawwe noch folop wurk. De plysje is net bliid mei it publisearjen fan de bylden, mar begrypt it wol. De minsken dy't de bylden pleatse, wolle sa gau as mooglik dat de dieders pakt wurde. Ekstra kwealik wurdt it pas as der teksten of ôfbyldingen stean. Dan kin der sprake wêze fan smaad.
Wapene oerfal
De wapene oerfal wie op 16 jannewaris 2016. In tal manlju kaam de saak binnen en bedrige it personiel mei in fjoerwapen. De oerfallers namen jild en drugs mei en naaiden dêrnei út yn in auto. De plysje hat in skoft nei de dieders socht, mar koe se net mear fine. By de oerfal yn jannewaris rekke net ien ferwûne.