Persoan stapt om mei nepwapen en wurdt oppakt

30 sep 2016 - 15:43

De plysje hat freedtemiddei in persoan oppakt om't er mei in nepwapen oer strjitte rûn. Dat barde by de Renn4-skoalle oan de Cornelis Trooststrjitte yn Ljouwert. De plysje krige in melding dat dêr in groep skoalbern mei in fjoerwapen stie. Uteinlik die dus bliken dat it wapen nep wie, mar der is wol ien persoan oppakt foar ferbean wapenbesit.

Trefwurden: 
nepwapen Ljouwert plysje oppakt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)