Agressive motormûs oanhâlden yn Ljouwerter binnenstêd

30 sep 2016 - 15:28
  • Oanhâlding

In lid fan de motorklup Red Devils is tongersdei oanhâlden yn de binnenstêd fan Ljouwert. De plysje wie dêr fanwege in mishanneling. De man behindere de plysje yn harren wurk. Doe't se dêr wat fan seinen, waard er agressyf en bêgûn de man te slaan. De man waard yn 'e boeien slein, mar fersette him sa bot dat in auto fan de plysje skansearre rekke. It motorkluplid is ynsletten foar ferhoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)